Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It earste tv-waarberjocht mei Piet Paulusma

11 Febrewaris 1994

Yn 1994 krige waarman Piet Paulusma, bekend fan Omrop Fryslân radio, syn eigen plak op de Fryske telefyzje mei it "wykein waarberjocht".

Boppedat: BCV Burgum - Hurdegaryp 1994

30 Maaie 1994

De fuotbalkompetysje yn it amateurfuotbal is noch hieltyd net ôfrûn, want de neikompetysje is noch yn folle gong. Wy keazen der ien wedstryd út dit wykein, BCV Burgum tsjin Hurdegaryp, yn de tredde klasse A fan it sneonsamateurfuotbal. BCV hie oan ien punt genôch om foar promoasje noch te spyljen tsjin de winner fan de neikompetysje fan de tredde klasse B; Holwierde is dat. As Hurdegaryp winne soe, dan spilen dy foar promoasje. Yn elk gefal wie it in wichtige wedstryd foar de twa rivalisearjende doarpen Burgum en Hurdegaryp.

Profyl: Piet Paulusma

08 Novimber 2004

Waarman Piet Paulusma krijt regisseur Steven de Jong op besite. Se ha it oer ferskate saken, lykas fansels it waar, it bekende "oant moarn" en it feit dat er by SBS it Frysk wêzen útdrage wol.