Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Petear: Doede Bleeker

It Petear: Doede Bleeker

28 April 1995

Klaas Jansma yn petear mei de "Misthoarn fan Staveren", de sjongende fiskboer Doede Bleeker.

7de klasse A 12: Lions 66 - Dokkum

7de klasse A 12: Lions 66 - Dokkum

09 Desimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Lions 66 - Dokkum. De foarige kear ha se sokken fan De Monnik liend, dit kear brekt Keeper Hans Tromp syn skynbonke en de wedstryd is dêrom staakt.

Hjoed: tongblier, oer de RVV

Hjoed: tongblier, oer de RVV

13 April 2001

Yn Hjoed fan 13 april 2001 belibbet Fryslân dei trije fan de tongblierkrisis. De RVV (Rijksdienst voor de keuring van Vee en Vlees) moat de bisten romje en plysje kontrolearret elk dy't it besmette gebiet yn of út moat. Ferslachjouwer Douwe Boersma docht ferslach út Ie wei, hy praat mei de winkeleigener dy't syn klanten gerêststelt dat se net hoege te hamsterjen. Sels hellet er syn bôlen by de ôfsetting wei.