Wâldrock 2005

04 Juny 2005

De foarferkeap kaam mar min op gong, dochs hellet muzykfestival Wâldrock genôch besikers om út te kinnen. De organisaasje ferwachtet dat der oant jûn tolve oere sa'n 7.500 besikers nei Burgum komme. Op 'e 18e edysje fan Wâldrock spylje hardrock- en metalbands as Megadeth, Black Label Society en Icepick. Yn it programma sitte gjin grutte topacts lykas de wrâldferneamde band Rammstein. Dy binne foar Wâldrock net mear te beteljen. Mar de besikers binne goed te sprekken oer it programma. Se komme út it hiele lân nei Wâldrock. En soms ha je sels de dei fan je libben nei in optreden. Foar de jubileumedysje fan 20 jier Wâldrock hat de organisaasje wol in winsk.