Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset. Want der wurde net safolle minsken ferwachte as ferline jier doe't Iron Maiden in grutte publykslûker wie. En dy gesellige drokte docht bliken. De medyske tsjinst dy't mei 22 minsken oanwêzich is op it festival hat it noch noait sa drok hân. Mar net mei swier ferwûne minsken. It festival is fansels krekt ûnder it EK fuotbal, mar dêr is wat op fûn. Yn de tinte hinget in grut skerm foar de wedstriid Nederlân-Tsjechië. En dat komt guon wol goed út. Wâldrock duorret noch oant moarn, middeis moatte alle minsken fan 'e kamping ôf wêze.