Wâldrock 2001

30 Juny 2001

De grûn sil sneon wer trilje yn Burgum en omkriten. Want it grutste Fryske metalfestival Wâldrock barst dan wer los. Mei ien grut ferskil, der mei dit jier foar it earst net crowdsurfd wurde. In grut gemis foar de echte metal-leafhawwer. Wy wiene by de lêste tariedings. Foar de 14de kear set sneon Wâldrock útein. Fryslâns grutste muzykfestival hat troch de jierren in namme opboud as in festival foar de hurde muzyk. Stiene der yn de begjinjierren noch bands as De Nits en Claw Boys Claw, letter waarden dat groepen as Sepultura, Slayer en Biohazard. Dochs hat it der lang op like dat Wâldrock dit jier net troch gean soe. Grutte broer Dynamo Open Air waard bygelyks ôflast fanwege de tongblierdriging. Mar om't de sykte ûnderwilens offisjeel út ús lân ferdwûn is, kin Wâldrock dochs los. De organisaasje ferwachtet lykwols wol minder taskôgers. Om út de kosten te kommen binne der sneon sa'n 7.500 taskôgers nedich. Mar komme dy der wol? Der binne nammentlik lûden dat de edysje fan dit jier wat oan de softe kant is. Ek soe in echt grutte namme ûntbrekke. Sa'n 380 frijwilligers binne yn 't spier om Wâldrock ta in sukses te meitsjen. Ien fan de dingen dêr't sy ûnder oaren op tasjen moatte is dat der net mear crowdsurfd wurdt. En dat is dit jier foar it earst.