Tritigers 0201: Grutte omkear

02 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it earste diel fan de twadde searje sjogge we by repetysjes fan de nije De Kast. Jan Tekstra, 38 jier, hat Syb opfolge as frontman. Tekstra hat der in lange karriêre yn de muzyk opsitten, en hat no de kar makke op de foargrûn te treden. Yn de linzjery-winkel fan Ingrid Kramer út Snits komme we der achter dat tritigers yn binne foar spannende linzjery.