Tritigers 0111: Libje yn in rolstoel

28 Jannewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it alfde diel komt Finy Teitsma oan it wurd, sûnt har 15de sit se yn in rolstoel om't se reuma hat. Fierder komt seksuologe Mintsje Tanis oan it wurd.