Tritigers 0110: Idealen

21 Jannewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it tsiende diel komt Rick Bruning oan it wurd, hy hat muzykkafee De Gloppe yn Ljouwert. Earder wie er aksjefierder, drok yn de kreakerswrâld en gek fan punkmuzyk. Syn idealen fan doe komme no werom yn syn kroech. Fierder in reportaazje oer Eize van der Veen, hy komt fan Donkerbroek, mar wennet al fyftjin jier yn Amsterdam. Hy is moade-ûntwerper.