Tritigers 0108: Karriêre

07 Jannewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it achtste diel komt wethâlder Sierd van Weperen fan Weststellingwerf oan it wurd. Mei syn 35 jier is er in jonge wethâlder, dêrneist is er ek boer. Ek in reportaazje oer Sylvia Hornyak, se hat in burn-out hân. In coach jout tips om burn-out foar te kommen.