Sybe Satellyt 0506

14 Febrewaris 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe leart oer de islam en sjocht by in moskee en praat mei in roomske pastoar. Fierder leart er oer enerzjy troch wynmûnen en praat mei foar- en tsjinstanners en Sake Roodbergen is yn de Deelen.