Sybe over the world 1 Suriname

14 April 1998

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht dat Lourens van der Leij allerhanne skoalmateriaal ynsammelet. Dat giet nei skoallen yn Suriname dy't it wol brûke kinne. Sybe sjocht yn Suriname by skoallen, by fiskers en leart hoe't de wetterlieding wurket. En Sybe giet sels ek nei Suriname en praat mei skoalbern.