Skriuwers yn byld: Fedde Schurer

18 Maaie 1989

Programma oer de Fryske dichter, sjoernalist, ûnderwizer en politikus Fedde Schurer (1898-1968). Ek wie er kristlik fredesaktivist en foaroanman fan de Fryske kultuer. Douwe Tamminga, Freark Dam en Bonne Dijkstra fertelle oer it libben en wurk fan Schurer. Mei fragminten fan de Gysbert Japicxpriisútrikking yn 1949 mei in taspraak fan Obe Postma, bylden fan Drachten en De Lemmer dêr't Schurer wenne en oer it toanielstik Simson dat er skreau. Ek bylden fan de saak Kneppelfreed. Op 16 novimber 1951 brutsen der rellen út yn Ljouwert nei't in rjochter it feedokter Van der Burg ferbean hie om Frysk te praten yn de rjochtseal.