LINKK 29: Puberje

14 Maaie 2004

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer puberjen. Wat feroaret der lichaamlik en geastlik ûnder ynfloed fan hormoanen? Jongeren sykje de grinzen op, binne brutaal en soms as se te fier gean, moatte se nei Bureau Halt foar in straf.