It Oare Fryslân 3: de Noard-Fryske taal

12 Desimber 1999

It Oare Fryslân is in fjouwerdielige rige oer East-en Noardfryslân. Yn diel trije stiet de Noard-Fryske taal sintraal, dy't noch hieltyd bestiet. It wurdt praat troch sa'n 10.000 minsken yn njoggen dialekten. Jarich Hoekstra fan de Universiteit fan Kiel wurket dêr oan de Wörterbuchstelle sûnt april 1999. Hy bestudearret de ferskate dialekten mei oaren. Lykas it Ferring fan it eilân Föhr. Fierder binne der opnames by de NDR en dr. Jakob Tholund.