It Oare Fryslân 2: de Fryske frijheid

05 Desimber 1999

It Oare Fryslân is in fjouwerdielige rige oer East-en Noardfryslân. Yn diel twa stiet de Fryske frijheid sintraal. Oebele Vries fertelt deroer en lit ûnder oare de grêfheuvel yn East-Fryslân sjen dêr't kening Redbad begroeven wêze soe yn 2200 foar Kristus. Ek sjocht er yn Aurich by de Opstalsbeam en yn Warns by de stien mei de tekst Leaver dea as slaef.