Hjoed: kampioenswedstryd Feanwâlden - Bûtenpost 2005

18 Maaie 2005

Net faak wie de striid om in kampioenskip yn it amateurfuotbal sa spannend as yn 'e tredde klasse B. Ofrûne sneon koene sawol Feanwâlden as Bûtenpost yn in ûnderling duel kampioen wurde. It waard in 2-2 lykspul. Dus eindigen beide mei 50 punten op in dield earste plak. Justerjûn moast in finale op neutraal terrein yn Kollumersweach de trochslach jaan.