Boppedat: BCV Burgum - Hurdegaryp 1994

30 Maaie 1994

De fuotbalkompetysje yn it amateurfuotbal is noch hieltyd net ôfrûn, want de neikompetysje is noch yn folle gong. Wy keazen der ien wedstryd út dit wykein, BCV Burgum tsjin Hurdegaryp, yn de tredde klasse A fan it sneonsamateurfuotbal. BCV hie oan ien punt genôch om foar promoasje noch te spyljen tsjin de winner fan de neikompetysje fan de tredde klasse B; Holwierde is dat. As Hurdegaryp winne soe, dan spilen dy foar promoasje. Yn elk gefal wie it in wichtige wedstryd foar de twa rivalisearjende doarpen Burgum en Hurdegaryp. Der kaam dus hiel wat publyk op ôf, 1233 man om presys te wêzen.