ABD-sjoo 0305

20 Jannewaris 2004

Yn de fyfde ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Uniaskoalle út Wurdum en It Fûnemint út Wommels it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by in falkenier, de lânboupraktykskoalle yn Oentsjerk en by keunstner Hanneke Roelofsen yn Jorwert. Te gast is Richard Mastenbroek mei in hamsterrot. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).