Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed 8 july 2000, útstjoering 19.00 oere

Hjoed 8 july 2000, útstjoering 19.00 oere

08 July 2000

In wiidweidich ferslach fan de earste Slachtemaraton op 8 july 2000, ûnderdiel fan Simmer 2000, mei moaie bylden fan de tocht en petearen mei dielnimmers. De tocht begûn by Easterbierrum by de seedyk en einige yn Raerd. Underweis wie it ien grut folksfeest mei korpsen lâns de rûte. Ek spile Harm Wiersma damjen op in grut damboerd mei keunstkij. Goed 8.000 kuierders rûnen mei. Simone Scheffer prate mei Simmer 2000-foarsitter Henk Kroes. Tal minsken moasten nei ôfrin opfongen wurde om't se duzelich wienen fanwegen te min iten en drinken. Gerrit Kramer fan Boalsert wûn de maraton.

CAMPING_1_WR

In dei op de camping 1: It Hout yn Bakkefean

02 July 1997

Sfearympresje fan de camping en de fakânsjegasten. De camping lûkt famyljes mei jonge bern en ek âldere minsken dy't foar de rêst komme. Wat dogge de minsken op sa'n dei: wat swimme, fytse, in knipperke, in puzzeltsje of ielrikje.

Hjoed: alderearste útstjoering

Hjoed: alderearste útstjoering

04 Febrewaris 1994

Omrop Fryslân begûn yn 1994 mei regionale telefyzje. De allerearste útstjoering wie op 4 febrewaris, presintearre troch Dieuwke Kroese. Dêryn sit in reportaazje oer de komst fan it sâltfabryk Frima yn Harns dat wurk biede sil oan 60 minsken. By Winaam sit in soad sâlt yn de grûn dêr't boarre wurdt. Ek is in ferslach fan de nijbou fan it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Dêrfan is it heechste punt berikt. De fuotbalklup wol mei in publyksaksje in diel fan it jild ophelje by de fans. Op de beurs BOOT yn Ljouwert is te sjen dat de animo foar boaten en it wurk op de werven wer tanimt.